Geschiedenis van Kortehemmen (Fries)

Opgelet: wordt in een nieuw venster geopend. PDFAfdrukkenE-mail

Koarte skiednis fan it doarp Koartehimmen

 

troch Jochum Dykstra

 

De namme
De skiednis fan dit doarpke stiet yn nau ferbân mei it rivierke de Drait. Lang ferlyn streamde it oertallige wetter út de hege feanen troch de Drait fierder nei de Smeliester Sâning en de Ie. Oan wjerskanten fan it rivierke lei in rige sânkoppen, dy ’t minsken oanluts. Sa ûntstie Suderdragten oan de iene en Koartehimmen oan de oare kant fan it wetter.
Yn De Himmen wienen de stikken lân tusken de pleatsen en it farwetter net sa lang. De ‘finnen’ tsjin de Drait wienen faak sompich en wiet. Sa is de namme ‘koarte himmen’ ûntstien. ‘Himmen’ binne lege, wiete stikken lân, meast oan it wetter.

 

De tsjerke
Yn ± 1300 doarst de befolking it oan en bou in tsjerkje. Dat wie in hiele ûndernimming, want de minsken moasten ek foar it ûnderhâld stean en it beteljen fan in pastoar. De muontsen fan Smelle Ie sille advisearre en aktyf meiholpen ha. It waard in bouwurk neffens de trend fan dy tiid: yn gotyske styl. Dat is te sjen oan de spitse ramen en de mitselflakken, dy’t as fersiering yn de muorren sitte.

 

Lyts
Yn de 17e ieu lizze der fyftjin stimhawwende pleatsen op in rychje. As pearels yn in snoer pronkje se dêr, fan east nei west. En sa is it lang bleaun. De Himmen is troch de ieuwen hinne nea net folle groeid. In oplibbing kaam ± 1900 doe’t op ‘e Galhoeke in molkfabryk ûntstie. Fabrykshuzen, in bank, de smid, de weinmakker en wat winkels klusteren har op ‘e grins fan Koartehimmen en Boarnburgum.
Yn de lêste helte fan de 20e ieu is it doarp sels lytser wurden. De Trisken en it Himsterhout leinen foarhinne op it grûngebiet fan Koartehimmen, mar wurde no ûnder Drachten rekkene.
It is te hoopjen dat yn de takomst it histoarysk nijsgjirrige Koartehimmen, foaral súdlik fan rykswei A 7, syn pittoreske foarmen yn de natuerlike omjouwing tsjin de boskrânen, behâlde sil.


 

It âlde tsjerkje, in opname út 1956
Copyright © 2017 Boornbergum - Kortehemmen. Alle rechten voorbehouden.
Joomla! is vrije software vrijgegeven onder de GNU/GPL Licentie.