Geschiedenis van Boornbergum (Fries)

Opgelet: wordt in een nieuw venster geopend. PDFAfdrukkenE-mail

Koarte skiednis fan Boarnburgum

 

troch Jochum Dykstra

 

De namme
Yn âlde tiden wie it rivierke de Boarn in sterke stream, dy’t syn wetter nei de eardere Middelsee ôffierde. De skippen fearen djip it lân yn. By ’t winter stienen de lege lannen links en rjochts ûnder wetter. Soms sloegen de weagen oant de sânkoppen fan Boarnburgum ta. It wie mar goed dat de tsjerke op in ferheging  boud wie. Op de sânrêch wie al ieuwenlang in delsetting fan boeren. Dêr wennen de minsken feilich. Sa wurdt de namme ‘Boarnburgum’ ús dúdlik: ‘burg’ slacht op de hege hichten, dêr ‘t it wetter net komme koe. De útgong ‘um’ is in ôfkoarting fan ‘him’, it lân fan de befolking. Boarnburgum wie dus in foar it wetter net te berikken oard om te wenjen, it lei by de Boarn.

De âlde herfoarme tsjerke fan foar 1734.
Tekening troch Stellingwerf.e alde tsjerke 1733. 

 

De tsjerke
It doarp Boarnburgum moat al lang bestean. Dat is op te meitsjen út de tsjerke. Dy âlde grize wie boud fan dowestien (H.: tufsteen). Sok boumateriaal waard brûkt yn de perioade foar 1200. De út ‘e bergen hakke stiennen waarden ynfierd út Dútslân. Yn 1733 kaam der in ein oan dizze tsjerke mei syn mânske toer, dy’t fier yn ‘t rûn te sjen wie. Yn de Sinteklaasnacht stoarte de toer yn. Troch de ferkeap fan de djoere dowestien koe al gau de nijbou útein sette. Dêrom stiet yn de wynwizer efterop de tsjerke it jiertal 1734. Doe kaam it nije gebou klear.

 

Grut
It gebiet dat ûnder it doarp foel, lei nochal útinoar. Fan de Postbrêge oer it rivierke de Drait oant fier yn it westen, de Botmar ta. Hjir en dêr lei in buorskip: Goaiïngahuzen, De Flearbosk, De Wylgen, Smelle Ie en de buorren om de tsjerke mei It Efterom.
De Feanhoop ûntstie doe’t yn de 19e ieu de Beetster Feart groeven waard. De feanterij kaam goed op gong. Oan de noarderein fan de feart, by de slûs, festigen har hieltyd mear minsken. En de measte petgatten, útgroeven feanputten, waarden wer as brûkber boerelân oanmakke.
Earst yn 1956 waarden guon fersprate gehuchten ferheven ta in eigen doarpsstatus: De Wylgen, Smelle Ie, De Feanhoop en Goaiïngahuzen. It memmedoarp Boarnburgum is noch altyd it sintrum fan it westlik part fan de gemeente Smellingerlân. Wennen der destiids inkeld agrariërs, no fine we yn it doarp in soad forinzen dy’t har wurk yn Drachten ha. Der steane twa tsjerken, twa skoallen en inkelde winkels.


 
NH Kerk 1929
Copyright © 2017 Boornbergum - Kortehemmen. Alle rechten voorbehouden.
Joomla! is vrije software vrijgegeven onder de GNU/GPL Licentie.